Digibron cookies

Voor optimale prestaties van de website gebruiken wij cookies. Overeenstemmig met de EU GDPR kunt u kiezen welke cookies u wilt toestaan.

Noodzakelijke en wettelijk toegestane cookies

Noodzakelijke en wettelijk toegestane cookies zijn verplicht om de basisfunctionaliteit van Digibron te kunnen gebruiken.

Optionele cookies

Onderstaande cookies zijn optioneel, maar verbeteren uw ervaring van Digibron.

Bekijk het origineel

Frjeonen! Ik woe mar is in lyts wirdsje mei jim prate … - pagina 3

Bekijk het origineel

+ Meer informatie

Frjeonen! Ik woe mar is in lyts wirdsje mei jim prate … - pagina 3

3 minuten leestijd Arcering uitzetten

C^h

öSrS

PRJEONEN ! Ik woe mar is in lyts wirdsje mei jim prate oer 'e tsjerklike skelen. Gjin lang forhael: ik scil allinnich inkelde dingen f reeg] e en Inkelde dingen sizze. Nou moatte jimme net tinke, dat 'k jim biprate wol om yn sté fen „synodael" „biswierd" to wirden. Gjin sprake fen. Det moat jim hielendal sels witte. Hwêrom scoene der gjin Fryske „synodalen" of „biswierden" wêze meie? Ik wol jimme earst hwet freegje. Jim scille dochs wolris heard hawwe fen 't „ambt aller geloovigen"? Fensels. Nou, as ik yn Fryslan sa es rounsjuch en myn earen to lusterjen liz, den moat ik for mysels concludearje: de Ijue hjirre hawwe noch noait fen 't ambt aller geloovigen heard. As hjir yn Fryslan it petear komt op 'e tsjerklike skelen, den seit eltsenien: ik fortrou de synoade. Der 'is in tiid west, (mar it is al o sa lang lyn) det Friezen seine: wy knibbelje allinnich for God. En nou scil ik net sizze, det jim tsjinwirdich for de synoade knibbelje, mar der mankeart dochs mar in lyts bytsje oan. Hwent yn jim wirden leit opsletten: ik bigriip it sa net, en ik kin der einliks net oer meiprate, mar de greate Ijue fen 'e synoade dy witte 't wol, en dy ha 't for üs ütmakke. Wier as net? Nou, sokke riddenearings binne Roamsk. Skamje jimme jim net? 't Is prachtich: jim hoege net to tinken en to ündersiikjen, det docht de synoade wol for jim. Mar allerhanne ünsinnige praetsjes oer 'e „biswierden", byg. det hja tsjinstanners wêze scoene fen 't selsundersiik, det hja hjar lytse bern as heidens biskögje, en det hja it stik fen 'e „volharding der heiligen" forwirpje — sahwet leauwe jimme sunder kritiik, en derby sit jimme hiel wiis to skodholjen. Scil ik jimme is hwet sizze? Jimme undersiikje jim sels net, oars scoene jimme wol witte, det jim hiel raer steane tsjinoer it njuggende gebod. Is det aid Fryske tradysje? Is det sljucht en rjucht? En it slimste is noch, det jimme fen 'e saken sa'n bidroefd bytsje óf witte. Ja, nou haw ik jim 't jak ütfage, dos nou is 't ek myn plicht, jimme hwet wizer to meitsjen. Best, ik scil 't bisiikje. As in aid skoalmaster op 'e skiednislesse scil 'k den mar in pear j iertallen op it boerd skrluwe:

J5 i ö t.! O 1 ri L 'r K \ ( THEOL UI irv/ËPsTFii ;" j

Dit artikel werd u aangeboden door: Theologische Universiteit Kampen

Deze tekst is geautomatiseerd gemaakt en kan nog fouten bevatten. Digibron werkt voortdurend aan correctie. Klik voor het origineel door naar de pdf. Voor opmerkingen, vragen, informatie: contact.

Op Digibron -en alle daarin opgenomen content- is het databankrecht van toepassing. Gebruiksvoorwaarden. Data protection law applies to Digibron and the content of this database. Terms of use.

Bekijk de hele uitgave van maandag 1 januari 1900

Vrijmakingsbrochures | 6 Pagina's

Frjeonen! Ik woe mar is in lyts wirdsje mei jim prate … - pagina 3

Bekijk de hele uitgave van maandag 1 januari 1900

Vrijmakingsbrochures | 6 Pagina's